dinsdag 26 juli 2011

It wiif fan Wiuwert / De vrouw uit Wieuwerd




It wiif fan Wiuwert

sy hie harsels mei tsjuster klaaid
en har stalte ljochte op
yn it skynsel fan it iepen fjoer
eagen hat sy net der wiene holten
wêr't sy mei nei my seach

ik lei efter de gerdinen
en troch in skreef seach ik har stean
wylst gjin foet fan har de grûn oanrekke
en ik wit noch dat ik tocht
dat sy wol sweve moast

sy soe dan wol fan Wiuwert wêze
dat is it plak dêr't ik har earder seach
sûnt in ivichheid leit sy yn in houten kistke
mar yn de nacht besiket sy my
en ik wit net of ik dan sliep of weitsje

-----------------------------------------------

De vrouw uit Wieuwerd

zij had zichzelf gekleed met duisternis
en haar gedaante lichtte op
in het schijnsel van het open vuur
ogen had ze niet er waren holtes
waarmee ze naar me keek

ik lag achter de gordijnen
en door een spleet zag ik haar staan
terwijl geen voet van haar de grond beroerde
en ik weet nog dat ik dacht
dat zij wel zweven moest

zij zal dan wel uit Wieuwerd komen
dat is de plaats waar ik haar eerder zag
sinds eeuwen ligt zij in een houten kist
maar in de nacht bezoekt zij mij
en ik weet niet of ik dan slaap of waak


© Ineke Wolf